Eksposysje oer Foekje Dillema

31 maaie 2013 - 16:00
  • Foekje Dillema
  • Foekje Dillema thús yn Boerum

Yn de Aldheidskeamer yn Kollum wurdt freed de lêste hân lein oan in útstalling oer atlete Foekje Dillema fan Boerum. Sy wie ferneamd om har prestaasjes op de atletykbaan, mar noch ferneamder is se troch de wize wêrop't se definityf fan dy baan ôf rekke. Yn 1950 waard se troch de atletykuny skorst om't se gjin frou wêze soe.

Pas nei har dea kaam eareherstel. Nei in biografy, in dokumentêre en in strjitnamme is der no ek in útstalling oer har libben.

De útstalling jout omtinken oan Foekje Dillema as ynwenster fan Boerum, as gymastyklearares en ek as buorfrou. Der is in jier wurke oan it opsetten fan de útstalling. Fjouwer ynterviewers hawwe mei tsientallen minsken út Foekje har fermidden praat om in byld te krijen fan hoe't se echt wie. De famylje is bliid dat ek dat ferhaal no einliks ferteld wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)