Eksposysje oer De Oerfal

04 apr 2014 - 19:41

Yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert is in eksposysje iepene oer De Oerfal. Ein dit jier is it santich jier lyn dat it ferset fyftich minsken befrijd hat út de finzenis. Dit ferhaal is al faak ferteld. Sa is der in film fan it ferhaal makke en ferline jier wie der noch in iepenloftspul oer dizze skiednis. Yn de nije eksposysje binne ûnder oare allegear foto's te sjen fan de minsken dy't befrijd binne.

Freed hat wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert de eksposysje iepene mei Gerrit Fokkema. Dat is de lêste noch libjende persoan dy't befrijd is.

Deinum seit dat it de bedoeling is dat dizze tentoanstelling in permaninte eksposysje wurdt, mar dat is noch net hielendal wis. It Ryk is op dit stuit eigener fan de Blokhúspoarte, mar wol fan it gebou ôf. Nei alle gedachten wurdt rûn de simmer mear dúdlik oer de nije bestimming fan it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)