Eksposysje mear as 70 bylden

18 maaie 2008 - 22:09

Der wurde fan't simmer op fjouwer plakken yn de provinsje mear as 70 bylden eksposeard troch 27 profesjonele keunstners. It giet om in unyk en ienmalich projekt fan keunstners dy't hjir wurkje en wenje.

Se eksposearje yn de Martenatún en it Martenahûs yn Frjentsjer, it stedskantoar yn Ljouwert, de Lycklematún yn Beetstersweach en galerie de Ule by de Ulesprong.De eksposysje rint fan 1 juny oant 14 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)