Eksposysje Happy Go Lucky sukses

13 jul 2004 - 15:47

De eksposysje Happy Go Lucky fan it Ljouwerter keunstnerskollektyf Voorheen de Gemeente is in grut sukses wurden. Der kamen 1200 minsken op ôf. Foar in tydlike eksposysje fan moderne keunst is dat in soad. Boppedat waard de rûte fan it sintrum fan Ljouwert nei it plak fan de eksposysje fersierd.

De fersiering is no fuort en moandei waard de útstalling ôfbrutsen. It projekt wie ek in sukses troch de goeie resinsjes en in soad ferkocht keunst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)