Eksposysje fan Gurbe-tekener Klein yn Lânboumuseum

03 jun 2015 - 10:06
  • Gurbe en Loltsje, swierich en krúslings op it iis....

Der komt in eksposysje oer it wurk fan de Hearrenfeanster tekener Frits Klein, foaral bekend fan Gurbe, it boeremantsje dat sûnt 1952 tegearre mei syn frou Loltsje kommentaar jout op it nijs yn de Ljouwerter Krante. Klein krige yn 1952 opdracht fan de Friese Koerier om in Frysk mantsje te tekenjen by it waarberjocht fan Hans de Jong.

Yn de rin fan de jierren makke Klein sa'n 150 tekeningen fan Gurbe. Klein makke fierder tekeningen foar bedriuwen yn benammen de lânbou en it stripboek Bokke Heidehipper.

De eksposysje is fan 14 oant 1 novimber yn it Lânboumuseum yn Earnewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)