Eksposysje delsketten fleantúch

08 maaie 2003 - 00:00

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân sil in eksposysje wije oan de Ingelske piloat Ian Menzies en syn sân bemanningsleden. It tastel dêr't de Ingelsen yn fleagen, waard op 6 july 1944 troch in Dútse nachtjager delhelle boppe de Iselmar. Dêrby kamen alle ynsittenden om.

In neef fan ien fan har hat 15 jier ûndersyk dien nei dat barren en der in boek oer skreaun. Yn it museum is ûnder oare de sturt fan it fleantúch te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)