Eksposysje bûtenlânsk keatsen

23 aug 2012 - 16:11
  • keatsballen
  • keatsballen
  • keatsballen

De hiele keatswrâld sit fan kommend wykein ôf yn Frjentsjer. Dêr begjint dan it wrâldkampioenskip keatsen. Reden foar it Keatsmuseum yn Frjentsjer om mei in tentoanstelling te kommen oer it keatsen yn it bûtenlân. Want der wurdt oer de hiele wrâld op ûnderskate wizen keatst. Foar de útstalling wurdt guod brûkt fan Janneke Pagels, âld-topkeatster. Se hat in hiel soad ferskillende keatsballen sammele.

Pagels hat ek har hiele keatspostsegelkolleksje by it museum brocht. It giet om postsegels út bygelyks België en Frankryk, mar ek út Jemen.

De tentoanstelling duorret oant begjin oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)