Eksportferbod fee fersoepele

26 aug 2006 - 12:14

Minister Veerman fan Lânbou hat it eksportferbod foar kij, skiep en geiten út it Noarden flink fersoepele. De minister hat hjirta besletten nei't tongersdei bekend waard dat der gjin blautonge is yn Fryslân.

Fan freed 4 oere ôf meie bisten dy't bedoeld binne foar de slacht wer útfierd wurde. Ek kij en skiep dy't net slachte wurde, meie eksporteard wurde. Se meie gjin ferskynsels fan blautonge ha en moatte test wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)