Eksport sipels sit wer yn de lift

21 okt 2015 - 17:36
  • Sipels yn Sint-Jabik

Sipelbedriuw Konaxx Onions út Sint-Jabik eksportearet sipels wer by 't soad. Direkteur Tjerk Nagel seit dat se nije klanten ha en wer op it âlde eksportnivo sitte. Nije lannen dêr't se in soad kontakt mei ha, binne Brazilië en de westkust fan Afrika, sa as Senegal en Gambia.

Neffens Nagel binne der meardere redenen wêrom't de Nederlânske sipel sa populêr is. "De sipels hjir binne goed fan kwaliteit en hâldberens. Ek logistyk sjoen binne we sterk, troch it rappe ferfier fia Rotterdam."

Yn jannewaris waard bekend dat it bedriuw troch de Russyske boykot op de ynfier fan grienten en fruit yn swiere finansjele problemen siet. Sa'n 60-70 prosint fan de ôfset gie doe nei Ruslân ta. Yn augustus waard in trochstart makke mei de sipeleksport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)