Ekspo oer tsjerke en lânskip

23 nov 2013 - 11:34
  • De tsjerke fan Bears

De Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Natuermuseum yn Ljouwert komme yn de simmer fan 2015 mei in grutte eksposysje oer tsjerken en it Fryske lânskip. De gearwurking makket ûnderdiel út fan it jubileumjier fan de Alde Fryske Tsjerken. De stichting bestiet dan 45 jier. Troch de gearwurking mei it museum hopet direkteur Gerhard Bakker ek in jongere doelgroep berikke te kinnen. De stipers fan de Alde Fryske Tsjerken binne yn trochsneed sa'n 65 jier âld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)