Ekspo oer Saskia Uylenburg

24 maaie 2006 - 06:00

De earste útstalling fan it nije Fries Museum moat gean oer Saskia Uylenburg. It museum wie fan doel om eins dit jier, dat yn it ramt stiet fan Rembrandt 400, sa'n útstalling yn te rjochtsjen. Mar dat is net slagge.

Rembrandt en Saskia trouden yn 1634 yn Sint Anne, mar de frou fan de skilder is grutbrocht yn Ljouwert. It museum wol besykje om op it nije plak te begjinnen mei de útstalling. As alles troch giet wurdt dat dus op it Saailân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)