Eksplosiven yn wenhûs Wolvegea

21 maaie 2008 - 09:55

In frou (35) út Wolvegea hat moandei swiere eksplosiven fûn yn har wenning. Se fûn se doe´t se yn har hûs oan it ferbouwen wie, mar wist doe noch net dat it om swiere eksplosiven gie.

Se brocht se nei it plysjeburo, dêr´t de Explosievenopruimingsdienst fan de lânmacht konstatearre dat it gie om twa selsmakke fjoerwurkbommen. By in sânôfgraving yn Sonnegea binne de bommen ta ûnploffing brocht. De plysje warskôget dat it sels ferfieren fan sokke bommen gefaarlik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)