Eksplosiven yn wenhûs

27 jun 2014 - 10:07

In 40-jierrige Ljouwerter is tongersdei oppakt om't er eksplosiven thús te lizzen hie. De plysje wie syn hûs yn Bilgaard ynfallen om't er noch boetes iepenstean hie. By de hûssiking fûn de plysje twa eksplosiven. Dy binne yn beslach naam.

De eksplosive-oprommingstsjinst EOD docht fierder ûndersyk yn de saak. De bewenner siet by de ynfal yn de cv-romte. Hy tocht dat de plysje him dêr net fine koe. De man is oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)