Eksploitant jachthaven op Skier is fallyt

28 jan 2015 - 14:57
  • De fjoertoer fan Skiermûntseach

De eksploitant fan de jachthaven op Skiermûntseach is fallyt. De rjochter hat tiisdei it fallisemint útsprutsen. De eksploitant pachte de jachthaven fan de stichting de Oude Veerdam, dy't it terrein op syn beurt wer krigen hat fan de gemeente.

Wethâlder Jan Dijkstra lit witte dat it fallisemint fan de pachter gjin gefolgen hat foar de jachthaven. De gemeente sil ynkoarten mei de stichting prate oer hoe't de situaasje oplost wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)