Eksploazjes op baarnend skip

29 des 2001 - 00:00

Op it skip dat freedtejûn noardlik fan Flylân yn swierrichheden rekke, hawwe in tal eksploazjes west. It skip stie freed al yn 'e brân, mar de brân is sneon wer opnij oplôge.

Neffens de kustwacht slaan de flammen derút. De 'Sloman Trader' leit no 18 kilometer benoarden Skylge foar anker. De sechstjin bemanningsleden binne troch de marine fan board helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)