Eksploazje yn swimbad

14 jan 2004 - 00:00

In eksploazje hat ferline wike foar in soad skea soarge yn it iepenloft swimbad fan Surhústerfean. Troch noch ûndúdlike oarsaak wie der by ûnderhâldswurk in ûntploffing yn in grut filter fan it swimbad.

By de eksploazje sprongen in tal ruten en waard it dak fan it tsjettelhûs optild. De ûnderhâldsmeiwurker kaam mei de skrik frij. It bestjoer fan it swimbad hopet dat it swimbad op keninginnedei wer gewoan iepen kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)