Eksploazje yn sportskoalle

12 des 2011 - 10:02

Oan de Melkkelder yn Drachten is sneintejûn in soad skea ûntstien troch in eksploazje yn in sportskoalle. Seis ruten rekken fernield. Yn it plafond wie in wetterlieding sprongen. Der kaam ek reek út it gebou.

Ut in earste ûndersyk docht bliken dat swier fjoerwurk of in oar eksplosyf yn it gebou smiten is. De eigener moat noch oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)