Eksploazje troch flater

01 nov 2008 - 12:54
  • De ravaazje nei de eksploazje

De gaseksploazje yn Warkum is nei alle gedachten ûntstien nei in misferstân by wurksumheden troch de bewenner. Dat hat de boargemaster fan Nijefurd befestige. De eksploazje wie freedtemiddei yn in dûbele wenning oan de Buterikkers.

De bewenner tocht dat er mei de wetterlieding oan de gong wie, mar yn werklikheid siet er oan de gaslieding. De man hat wol fuortdaliks it gasbedriuw belle, mar krekt foar't er ien bykaam, fûn de eksploazje plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)