'Eksploazje is oanslach'

12 des 2011 - 15:26

De eksploazje yn fitnesssintrum Rino Gym yn Drachten is neffens eigener Lammert Ausma in oanslach fan in lilke klant. De man hat syn rekken net betelle en is lilk no't in ynkassoburo jild opeasket. Sneintejûn ûntplofte in swier eksplosyf yn de saak fan Ausma. Seis ruten sneuvelen en in wetterlieding knapte troch rûnfleanende diggels.

De skea wurdt rûsd op 30.000 euro. De plysje ûndersiket it eksplosyf en docht buertûndersyk. Tongersdei giet it sportsintrum wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)