Eksploazje Drachten kaam net troch fjoerwurk

28 des 2015 - 18:54

Fjoerwurk hat net de oarsaak west fan de eksploazje yn de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. Dat sei boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân. Earder wienen der wol in protte praatsjes oer fjoerwurk, mar der is neat oantroffen. Yn de wenning net, en ek net yn de ravaazje op strjitte.

De boargemaster hopet dat der de kommende dagen mear dúdlik wurdt oer de oarsaak. Foardat de plysje dêr wat oer sizze kin, moat der earst fjouwer ferdjippingen oan pûn romme wurde.

Swiere brânwûnen

It 46-jierrige slachtoffer wurdt behannele foar swiere brânwûnen. Hy koe noch net troch de plysje heard wurde. De boargemaster seit dat der earder meldingen oer dizze man binnen kaam binne, omdat er oerlêst feroarsaakje soe. Der kamen faker meldingen fan oerlêst út de flat. Mar dat wol net sizze dat der in oarsaaklik ferbân is mei de eksploazje, neffens Van Bekkum libje de minsken yn de flat ticht opmekoar.

Utgeansgebiet

De eksploazje hat yn Drachten in protte teweechbrocht, seit de boargemaster. De flat dêr't de eksploazje wie, leit midden yn it útgeansgebiet, yn it sintrum. "Soks ha we yn jierren net hân. Hjir sjogge de minsken wol fan op."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)