Ekskuzes VV Jobbegea

13 jan 2011 - 16:10

It bestjoer fan VV Jobbegea biedt syn ekskuzes oan foar de klap dy't in coach fan har sealfuotbalteam útdield hat oan in coach fan Berltsum. It gie om in ploech út Donkerbroek, dy't meidwaan woe ûnder de namme fan Jobbegea omdat it eigen team net meidie.

Woansdei gie it mis by it sealfuotbaltoernoai yn Frjentsjer. Jobbegea krige in reade kaart, dernei ûntstie der kommoasje op it fjild. De coaches krije sels slaanderij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)