Ekskús skipper oan IFKS

16 mrt 2014 - 12:13
  • IFKS

Skipper Sikke Heerschop hat fia de Facebookside fan de IFKS syn ekskuzes oanbean foar syn hanneljen op de algemiene ledegearkomste fan de IFKS, goed in wike lyn. Heerschop waard op dy fergadering royeard as lid. Neffens it bestjoer hie Heerschop him misdroegen by de diskusje oer it bestjoer. De leden koene harren net fine yn it beneamen fan Ab Borg út Drachten as foarsitter. Alle bestjoersleden fan de IFKS hawwe harren funksje beskikber steld.

Sikke Heerschop hat foar himsels no in rûte útset om ta oplossingen te kommen.

Hy wol dêr noch neat oer sizze en wachtet op in reaksje fan de IFKS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)