"Ekskús Hearrenfean te let"

26 apr 2013 - 23:24
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

It ekskús fan SC Hearrenfean oer it krityske artikel fan Albert van Keimpema yn klupblêd De Corner komt te let. Dat seit Paul Olijve fan SC Hearrenfean sponsor De Haan Westerhoff. De Feanster direksje makke freed ekskús foar it artikel yn in mail oan sponsors, supportersferienings en frijwilligers. Dat hie earder moatten seit Olijve. De Haan Westerhoff ferlingt it ôfrinnende sponsorkontrakt as ko-sponsor net. "It goeie gefoel is der net mear", sa seit Olijve. Hy wie freed by de wedstriid Cambuur-Emmen en wurdt miskien yn Ljouwert wol sponsor.

Der wurdt noch praat om te sjen watfoar oare mooglikheden fan sponsorjen oft der binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)