Ekskús fan lekkende wethâlder

29 jan 2008 - 23:54

It gemeentebestjoer fan Eaststellingwerf hat de ried ekskuzes oanbean foar it útlekken fan in geheim rapport oer yndustryterrein Venekoten.

Ferline wike waard dúdlik dat it 18 miljoen kostet om fan dat terrein yn Easterwâlde in wenwyk te meitsjen. Dêrfan moat noch 7 miljoen fûn wurde. Dat nijs kaam by fersin terjochte by in krantesjoernalist. Riedsleden fielden har dêrtroch tekoart dien, mar akseptearren it ekskús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)