Eksklusive bylden Amerikaanske trouwerij Jorrit en Heather

06 maaie 2015 - 13:26
  • De seremoanje wie oan de wetterkant

Omrop Fryslân hat de hân witte te lizzen op eksklusive bylden fan de trouwerij fan reedriders Jorrit Bergsma en Heather Richardson. It stel troude ôfrûne wykein yn North Carolina yn Amearika, dêr't Heather hikke en tein is.

De coach fan Jorrit en Heather, Jillert Anema, wie der ek by en wie foar ien kear ús showbiz-ferslachjouwer. Hy stjoerde ús bylden fan de seremoanje en it feest. Jorrit en Heather sprutsen it ja-wurd út yn it plakje Trinity, yn de bûtenloft oan de wetterkant.

It Frysk-Amerikaanske reedridersstel rydt beide foar Team Clafis en wennet sûnt koart yn Aldeboarn. Earst is it krekt troude pear noch op houliksreis nei Hawaii.

We have arrived

Een foto die is geplaatst door Heather richardson (@hlynnrichardson) op

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)