Eksekúsje grûn: gemeente biedt

13 des 2013 - 13:58

De gemeente Achtkarspelen hat tongersdei meibean by de grutste online-eksekúsjeferkeap oant no ta. 200 Boukavels waarden oanbean. It gie ûnder oare om 17 kavels yn de wyk Vierstromenland yn Surhústerfean. Megahome.nl út Almelo, it bedriuw achter dit wenningbouprojekt die dizze kavels fan de hân.

Dat de gemeente meibean hat is opmerklik, want yn dizze tiid wolle gemeenten foaral fan harren grûn ôf, yn plak fan dat se grûn oankeapje. De gemeente wie lykwols net de heechste bieder. It heechste bod wie 451.500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)