Eksamenstunt 't Schylger Jouw yn Midslân rint út de hân

29 apr 2015 - 12:18

In eksamenstunt fan de fjirde klassers fan skoalle 't Schylger Jouw yn Midslân op Skylge is woansdei út de hân rûn. Trije learlingen hiene leuzen oer de NSB en konsintraasjekampen op de muorre set. De direksje hat fuortendaliks alle aktiviteiten foar hjoed ôfsein en de learlingen nei hûs ta stjoerd.

Mei man en macht wurdt no wurke om de leuzen te ferwiderjen. De eineksamenklasse helpt sels ek mei. De skoallieding wol de skea ferhelje op de dieders, mar sil nei alle gedachten gjin oanjefte dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)