Eksamens Frysk op hafû

01 jun 2007 - 16:35

In lyts fjirtich learlingen op fjouwer skoallen hawwe freed meidien oan it eksamen Frysk foar de hafû. It eksamen bestie út twa teksten mei mearkarfragen en ien tekst om gear te fetsjen.

It wie foar de measte learlingen it lêste eksamen dat se dwaan moasten. Nei trije wiken wie it freed de lêste dei fan 'e eksamentiid. It wachtsjen is no op de útslach. Dy komt op 14 juni.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)