"Eksamen en kenteken meitsje dronesfleanerij feiliger"

05 apr 2016 - 18:14
  • Drone yn de loft

In eksamen en in kenteken foar drones soene it fleanen folle feiliger meitsje kinne, seit Mark Woortmeijer út Wâldsein. Hy hat in bedriuw dat selsboude drones ferkeapet.

De rop om strangere regels foar drones wurdt hieltyd lûder. Freed gie it hast mis op Skiphol doe't in drone mar krekt trije fleantugen miste. Op fleanfjild Eelde waard in helikopter hindere troch in drone. De feriening foar Nederlânske ferkearsfleaners wol dat steatssekretaris Sharon Dijksma maatregels nimt. Se sille tongersdei mei har prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)