Eks-PVV-ers hâlde opsjes iepen

26 mrt 2014 - 13:54
  • Otto van der Galiën stapt út de PVV

De opstapte PVV Fryslân steateleden Otto van der Galiën en Pieter Buisman beriede har noch altyd op har politike takomst. Alle opsjes lizze neffens beide iepen. Se sitte woansdei beide as ûnôfhinklik steatelid by de gearkomste fan provinsjale steaten. Van der Galiën en Buisman stapten sneon út de partij om't se it net iens binne mei útspraken fan Geert Wilders oer Marokkanen yn Nederlân. De Fryske PVV-fraksje bestiet no allinnich noch út Max Aardema út Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)