Eks mishannele en bestellen

17 sep 2013 - 09:53
  • Mishanneling

In 40-jierrige man út Ljouwert is moandei oppakt yn Drachten foar mishanneling en stellerij. Hy wie de wenning fan syn eks yngien, doe't dy net thús wie. Doe't de frou thúskaam, hat de Ljouwerter har ynelkoar slein en guod meinaam út de wenning. Dêrnei naaide er út.

Doe't de plysje by de frou wie, kaam er werom. Dêrop hat de plysje de man oanhâlden en meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)