Eks-ferslaafden yn Fryslân

02 aug 2010 - 15:39

In tal eks-ferslaafden rinne dizze wike hielendal om de Iselmar hinne, om dúdlik te meitsjen hoe skealik drugs binne. Mei-inoar sil de groep goed 300 km ôflizze yn 10 dagen. De stifting Narconon jout yn dy perioade foarljochting, hat oerlis mei wethâlders en dielt folders út. De dravers sels hawwe spesjale T-shirts oan. Moandei begûn de tocht yn Makkum.

De maraton bestiet al ferskate jierren, mar noch net earder draafden de eks-ferslaafden troch Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)