Ekonomyske groei yn Fryslân bliuwt efter by rest fan it lân

21 apr 2016 - 08:41

De ekonomyske groei yn Fryslân is ferline jier flink efterbleaun yn fergelyk mei hiel Nederlân. De Nederlânske ekonomy naam yn 2015 mei 2 prosint ta, yn Fryslân wie dat 0,5 prosint. Dat meldt it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Neffens it buro pakte benammen de lytsere gasproduksje min út foar de ekonomyske groei yn Fryslân. De ekonomy fan Grinslân gie 5,5 prosint efterút troch it beslút om de gaskraan fierder ticht te draaien.

Flevolân, Utrecht en Noard-Hollân hiene mei 2,7 prosint de grutste ekonomyske groei fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)