Ekonomy NW-Fryslân bliuwt achter

09 nov 2006 - 20:59

Undernimmers yn de regio Ljouwert en Noardwest Fryslân soene mear hannel dwaan moatte mei it bûtenlân. Dat sei Willem van der Velden fan Rabobank Nederlân tongersdei by de presentaasje fan de sifers en trends fan 2005.

De ekonomy yn dy parten fan Fryslân bliuwt achter by oare regio's yn de provinsje. Troch te eksportearen kin dat ferskil ynrûn wurde. De oanlis fan de Sintrale As tusken de Wâldwei en Dokkum is in wichtige ympuls.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)