Ekonomy licht groeid yn 2011

19 apr 2012 - 11:39
  • finansjeel

De ekonomy yn Fryslân is yn 2011 licht groeid, mei 0,8 persint. Dat hat it Sintraal Buro foar de Statistyk tongersdei bekend makke hat. Fryslân hie lêst fan in legere fraach nei ierdgas. Hie dy grutter west, dan wie de ekonomyske groei op 1,2 persint útkaam.

Sawat alle provinsjes lieten in lichte groei sjen, in ûntwikkeling dy't ferline jier al ynsette. Fryslân syn oandiel yn it totale Bruto Binnenlânsk Produkt BBP kaam yn 2011 op trije persint. Allinnich it oandiel fan Drinte, Flevolân en Seelân is lytser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)