Ekologyske skoaltún Trianova offisjeel iepene

19 nov 2014 - 07:01
  • Ekotún
  • Ekotún

Op iepenbiere basiskoalle Trianova yn Ljouwert is woansdei de offisjele iepening fan de ekologyske skoaltún dy't oanlein is. Fierder wurdt de ôftraap jûn foar it projekt 'Natuurlijk Spelen'. Mei help fan in hoveniersbedriuw leare skoalbern hoe't se harren eigen ekologyske tún ynrjochtsje en fersoargje kinne èn hoe't se der yn boartsje kinne.

Wat de bern yn it klaslokaal leare meie se letter sels yn de skoaltún yn praktyk bringe. De ekologyske skoaltún is in inisjatyf fan it wykpanel Camminghabuorren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)