Ekologysk jacht Ecolution fan Ockels werom yn Lauwerseach

31 jul 2015 - 14:49
  • De Ecolution

De Ecolution, it ekologyske sylskip fan astronaut Wubbo Ockels is freed wer entûsjast wolkom hjitten yn de haven fan Lauwerseach. Der wie in soad publyk yn de haven om it sylskip te bewûnderjen. De Ecolution waard by it ynfarren begelaat troch ferskate sylskippen, fiskersboaten, rûnfeartboaten en ek troch de rêdingboat fan de KNRM.

De Ecolution is krekt werom fan Curaçao. It skip is betocht troch Wubbo Ockels. It sit fol technyske snufkes. Sa wekt it skip de eigen stroom op. It is it doel dat Lauwerseach de thúshaven fan it skip wurdt.

It skip sil yn de takomst fanút Lauwerseach ferskate fartochten en ûndersyksekspedysjes ûndernimme. It is it doel om yn Lauwerseach in duorsumenssintrum op te rjochtsjen, basearre op de ideeën fan Wubbo Ockels. De Ecolution moat in sintrale rol krije yn dat duorsumheidssintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)