"Ek wurkjouwers ferantwurdlik foar skulden wurknimmers"

17 nov 2015 - 19:10

Wurkjouwers kinne folle mear dwaan om wurknimmers te helpen as dy skulden ha. Dat seit wethâlder Harry van der Molen fan de gemeente Ljouwert. Meastentiids komme minsken yn in skuldhelpferlieningstrajekt telâne by de kredytbank as se jildpine ha. Wurkjouwers soene it probleem al earder oanpakke kinne. De kredytbank wol hjir de kommende tiid oan wurkje om wurkjouwers sjen te litten wat se dwaan kinne om personiel te helpen.

De gemeente Ljouwert, de Kredytbank yn Ljouwert en it bedriuw Zuidweg & Partners ha tiisdei in oerienkomst tekene.

De kredytbank sil him de kommende twa jier rjochtsje op de skuldhelpferliening by partikulieren. Zuidweg & Partners hâldt him dwaande mei ûndernimmers. Njonken in pear hûndert partikulieren, kamen ferline jier ek 32 ûndernimmers yn de gemeente Ljouwert yn de skuldhelpferliening terjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)