EK ûnder 21 nei Hearrenfean?

24 jan 2006 - 17:02

It hat noch hieltiten kâns dat it Hearrenfean ien fan 'e plakken is dêr't yn 2007 it EK fuotbal foar spilers ûnder de 21 jier hâlden wurdt. It fuotbalbûn sil yn maart fjouwer stêden oanwize. Njonken it Hearrenfean meitsje ek Den Bosch, Nijmegen, Arnhim, Emmen, Doetinchem en Grins noch kâns.

Fiif kandidaat-stêden, wêrûnder Ljouwert, binne yntusken ôffallen. De sân gemeenten dy't noch oer binne, sille mei de KNVB yn petear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)