EK ûnder 21 begjint snein

10 jun 2007 - 12:28
  • Trener Foppe de Haan
  • It Israëlysk team yn in hotel yn Wolvegea (foto: Lenus v.d. Broek)

Jong Oranje spilet snein yn it Abe Lenstra-stadion har iepeningswedstryd fan it EK ûnder 21 tsjin Israël. Sneon wie yn Langsweagen de lêste trening. It wie in ûntspannen trening, mar der wie net in ôfslutende partijfoarm.

It wie dus net te sjen wa't de hesjes krigen en wa't der dus yn 'e basis starte sille. De 'Israëli's witte al sa'n soad fan ús, mar se hoege de opstelling noch net te witten', sa sei Foppe de Haan nei de trening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)