EK Triatlon op it Amelân

29 jun 2007 - 10:17

Yn septimber 2008 wurdt op it Amelân it EK Offroad Triatlon hâlden. De ôfrûne trije jier organisearre de Amelanner Stichting Tri-Ambla al it iepen Nederlânsk kampioenskip. De organisaasje tinkt klear te wêzen foar it EK.

Offroad triatlon is in nij ûnderdiel yn de triatlonsport. Dy bestiet út 1500 meter swimme yn de Waadsee, 30 km mountainbike en 10 km crossloop. It EK wurdt foar de twadde kear organiseard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)