Ek Smellingerlân foar kanaal

05 jul 2011 - 22:33

Ek de gemeenteried fan Smellingerlân hat tiisdei lang om let ynstimd mei de iepenstelling fan it Polderhoofdkanaal. Allinne de fraksje fan de SP stimde tsjin.

Smellingerlân hat him fêstlein om 2,2 miljoen by te dragen oan de oanlis fan it kanaal. Opsterlân betellet 2,8 miljoen mei en de provinsje leit 5 miljoen euro op it kleed. Yn totaal kostet it 17 miljoen euro om it kanaal te weriepenjen foar rekreaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)