EK shorttrack Frysk feest

21 maaie 2004 - 00:00

De earste race om it Europeesk kampioenskip shorttrack op De Jouwer is tongersdei in Frysk feest wurden. Wibe Valkema fan De Jouwer wûn de wedstriid. Anne v.d. Helm fan Balk en Bert Dijkstra fan Damwâld waarden twad en tred. It giet om in foarm fan motorsport.

It EK waard foar de earste kear ferriden. Der kamen 45 dielnimmers oan de start. Twa oare wedstriden foar de titel wurde yn Dútslân ferriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)