EK shorttrack: ek goud foar ôflossing by de manlju

24 jan 2016 - 12:14
  • Untlading by Sjinkie Knegt nei de finish

Yn Sotsji binne dit wykein de Europeeske kampioenskippen shorttrack. Sjinkie Knegt is Europeesk en wrâldkampioen. Hy ferdigenet dit jier syn titel. Oare Fryske dielnimmers binne Daan Breeuwsma (Akkrum), Dennis Visser (De Lemmer, allinnich ôflossing), Suzanne Schulting (De Tynje) en Rianne de Vries (Akkrum, allinnich ôflossing). Oare Nederlanners binne Jorien ter Mors, Lara van Ruijven en Freek van der Wart.

It EK shorttrack is live te folgjen fia Omrop Fryslân Radio.

15.16 De Nederlânske relay-ploech fan de manlju hat in gouden medalje pakt. De ploech mei Daan Breeuwsma fan Akkrum, Sjinkie Knegt fan Bantegea, Dennis Visser fan De Lemmer en Freek van der Wart waard earste foar Hongarije, Grut-Brittannië en Ruslân. Nederlân pakte healweis it earste plak. Tegearre mei de Hongaren rûnen de Nederlanners in bytsje fuort fan de Russen, dy't koart foar de ein ek foelen. Knegt koe yn de lêste ronden de Hongaar Lui fan him ôfhâlde. Mei dizze oerwinning nimt Nederlân revâns op de Russen, dy't ferline jier yn Dordrecht foar Nederlân de Europeeske titel pakte.

14.55 De relay-ploech fan de froulju hat goud wûn op it EK. Suzanne Schulting, Jorien ter Mors, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven pakten de winst foar Ruslân. Italië waard tredde, Hongarije fjirde.
Rianne de Vries fan Akkrum ried yn de earste omloop en de heale finale wol mei en krijt sadwaande ek in medalje. De Nederlânske froulju rieden fuort by it begjin en lieten sjen dat der mar ien winne koe. Se wiene oppermachtich en pakten mei trije sekonden foarsprong de winst. Ferline jier waard Nederlân yn Dordrecht twadde efter Ruslân. No wie it yn Sotsji oarsom.

14.30 Sjinkie Knegt is fjirde wurden yn it klassemint. Yn de superfinale waard hy fyfde en dêrmei sakke hy fan it tredde nei it fjirde plak. Jeanne, Lepape en Konopko pakten in ronde foarsprong. Jeanne wûn de superfinale en gong yn it klassemint oer Knegt hinne. De nûmer twa fan it klassemint Liu waard fjirde en behold dêrmei syn twadde plak.

Einklassemint:

1 ELISTRATOV Semen RUS 91
2 LIU Shaolin Sandor HUN 50
3 JEANNE Vincent FRA 44
4 KNEGT Sjinkie NED 40
5 LEPAPE Sebastien FRA 32
6 MIGUNOV Dmitry RUS 29
7 KONOPKO Bartosz POL 26
8 van der WART Freek NED 19
9 KNOCH Viktor HUN 7
10 LIU Shaoang HUN 5
11 KOZLOV Artem RUS 5
12 WHELBOURNE Jack GBR 3
13 CONFORTOLA Yuri ITA 1
14 BREEUWSMA Daan NED

14.14 Suzanne Schulting hat in brûnzen medalje pakt op it EK. Se wûn de superfinale hiel knap. Op de 3000 meter lei se mei noch in pear ronden te gean op it twadde plak efter Ter Mors. Dy kaam mei har punt yn it iis en krige in lyts tikje fan Schulting. Ter Mors foel en Schulting wûn de superfinale, mar krige toch in penalty. Dêrtroch wûn de Britse Gilmartin de superfinale en klom dêrmei nei it twadde plak, Schulting bleau yn it klassemint Lara van Ruijven (4e) noch wol foar. Elise Christie pakte de Europeeske titel. Ter Mors waard sânde.

Einklassemint:

1 CHRISTIE Elise GBR 112
2 GILMARTIN Charlotte GBR 47
3 SCHULTING Suzanne NED 42
4 van RUIJVEN Lara NED 35
5 KONSTANTINOVA Ekaterina RUS 32
6 SEIDEL Anna GER 29
7 ter MORS Jorien NED 28
8 PIERRON Veronique FRA 18
9 ZAKHAROVA Evgeniya RUS 5
10 VIVIANI Elena ITA 4

13.42 Sjinkie Knegt is syn Europeeske titel kwyt. De Rus Semen Elistratov nimt de titel oer. Knegt waard yn 2012 en 2015 Europeesk kampioen, mar wie dit wykein net goed genôch. Elistratov wûn ek de 1000 meter en is dêrtroch ien wedstriid fan de ein al wis fan de titel. Knegt is no tredde yn it klassemint efter Elistratov en de Hongaar Liu, mar hy kin noch twadde wurde.

13.29 Suzanne Schulting pakt yn de finale fan de 1000 meter in sulveren medalje. Se waard twadde krekt efter Elise Christie. Nei har brûnzen medalje is it al de twadde medalje fan Schulting. Se stiet no twadde yn it klassemint. Om 14.05 stiet de superfinale en de lêste ôfstan pland.

Klassemint:

1 CHRISTIE Elise GBR 102
2 SCHULTING Suzanne NED 42
3 ter MORS Jorien NED 26
4 van RUIJVEN Lara NED 22
5 SEIDEL Anna GER 21
6 PIERRON Veronique FRA 15
7 GILMARTIN Charlotte GBR 13
8 KONSTANTINOVA Ekaterina RUS 11

13.24 Jorien ter Mors wint de B-finale en wurdt dêrmei fyfde op de 1000 meter.

13.03 Sjinkie Knegt pleatste him net foar de finale fan de 1000 meter. Hy foel en naam by dy fal de Hongaar Liu mei. Knegt krige dêrfoar in straf. Mocht Elistratov op de 1000 meter earste of twadde wurde yn de finale, dan is Knegt syn titel kwyt.

12.59 Klassemintslieder Semen Elistratov pleatste him foar de finale fan de 1000 meter. Freek van der Wart waard fjirde en is dêrmei útskeakele. De Rus Migunov gie ek nei de finale.

12.55 Suzanne Schulting hat de finale helle fan de 1000 meter. Ter Mors waard ferrassend útskeakele. Se moasten tsjin elkoar yn de twadde heale finale. Schulting wûn de heat, Ter Mors waard tredde. De Britse Gilmartin bleaun Ter Mors foar. Ek klassemintslieder Elise Christie en de Dútser Anne Seidel hellen de finale. Troch de útskeakeling klimt Schulting wierskynlik op nei it twadde plak.

12.31 Ek Freek van der Wart, de nûmer fjouwer yn it klassemint, is troch nei de heale finale.

12.28 De koprinner fan it klassemint is de Rus Semen Elistratov. Hy giet ek nei de heale finale en wûn syn race.
It klassemint oant no ta:

1 ELISTRATOV Semen RUS 55
2 KNEGT Sjinkie NED 35
3 LIU Shaolin Sandor HUN 21
4 van der WART Freek NED 13
5 MIGUNOV Dmitry RUS 13
6 LEPAPE Sebastien FRA 11
7 KONOPKO Bartosz POL 8
8 KNOCH Viktor HUN 7
9 LIU Shaoang HUN 5
10 WHELBOURNE Jack GBR 3
11 JEANNE Vincent FRA 2
12 CONFORTOLA Yuri ITA 1

12.24 Knegt wint syn kwartfinale. Yn syn heat foel de Brit Treacy krekt foar him. Dat wie efkes in eangstich momint, mar Knegt koe him ûntwike.

12.19 Daan Breeuwsma wurdt útskeakele op de 1000 meter. Lang lei hy op it goeie twadde plak, mar op it lêst helle de Rus Kozlov him toch noch yn. Breeuwsma hat lêst fan syn knibbel, mar rydt letter snein noch wol de relayfinale.

12.12 Suzanne Schutling pleatst har ienfâldich foar de heale finale op de 1000 meter. Se wint har heat yn de kwartfinale. Ek Jorien ter Mors helle maklik de heale finale, lykas klassemintslieder Elise Christie. Nûmer twa yn it klassemint, Lara van Ruijven, waard sneon op de 1000 meter al útskeakele en dus kinne Schulting en Ter Mors goeie saken dwaan. Dit is op dit stuit de stân yn it klassemint:

1 CHRISTIE Elise GBR 68
2 van RUIJVEN Lara NED 22
3 SCHULTING Suzanne NED 21
4 ter MORS Jorien NED 21
5 PIERRON Veronique FRA 13
6 SEIDEL Anna GER 8
7 KONSTANTINOVA Ekaterina RUS 8
8 GILMARTIN Charlotte GBR 5
9 ZAKHAROVA Evgeniya RUS 5
10 VIVIANI Elena ITA 3

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)