Ek RvK akkoart oer Menzo

30 mrt 2010 - 19:48

De Ried fan Kommissarissen fan Sportklup Cambuur hat grien ljocht jûn foar de kontraktferlinging fan trainer Stanley Menzo. Neffens foarsitter Wim Sleijfer wie dat in unanym beslút fan de folsleine Ried. Wol is der oanjûn dat it kontrakt binnen de finansjele kaders bliuwe moat dy't de Ried steld hat.

De direksje fan Cambuur wie der earder al út mei de trainer. Menzo sil foar ien jier bytekenje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)