'Ek rûmte foar fûgels yn greide'

25 okt 2006 - 12:03

Op moderne boerebedriuwen is ek rûmte foar greidefûgels. Dat seit boer Hessel Agema fan Kollumerpomp. Agema, ek lid fan it haadbestjoer fan it bûn fan Fryske fûgelbeskermingswachten, it BFVW, hat byhâlden hoefolle pearkes der op syn lân bret ha.

Dat wiene der 206 fan 13 ferskate fûgelsoarten. Agema hat dat dien troch rânebehear. Dat hâldt yn dat it gers oan de râne fan it lân stean bliuwt en net bemêste wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)