Ek referindum Ferwerderadiel

31 jan 2013 - 21:16

De ynwenners fan Ferwerderadiel mei har meikoarten ek útsprekke oer de mooglike weryndieling fan de gemeente. Oars as it referindum yn Ljouwerteradiel fan woansdei, giet it no net oer mei hokker gemeente fuseard wurde moat, mar hokker foarm de fúzje krije moat.

De gemeenteried fan Ferwerderadiel hat al bepaald dat de gemeente fierder wol mei Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân, mar de fraach is oft it in folsleine fúzje wurde moat of allinnich in amtlike fúzje. It rieplachtsjen is op 29 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)