Ek Peetoom kritysk oer Wilders

24 sep 2011 - 11:59
  • CDA-partijfoarsitter Ruth Peetoom

CDA-partijfoarsitter Ruth Peetoom is net te sprekken oer de wize wêrop PVV-lieder Wilders de ôfrûne dagen yn de Twadde Keamer tekear gie. Peetoom sei dat sneon by de iepening fan it politike seizoen fan CDA-Fryslân op 'e Jouwer. Mei de tekst 'Doe eens normaal man' foel Wilders premier Rutte oan by de algemiene skôgings.

De toan fan Wilders past it CDA net, seit Peetoom. It CDA ûndernimt gjin aksje tsjin de PVV, omdat de partij him wol oan it gedoochakkoart hâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)