EK Optimist yn Warkum

21 jul 2006 - 11:42

In rekord tal silers hat him ynskreaun foar it EK Optimist dat fan sneon oantemei tongersdei ôf op de Iselmar hâlden wurdt. Der dogge 240 silers út 41 lannen oan mei. Kommissaris fan de Keninginne Nijpels iepent de wedstriid sneon yn Warkum.

It EK is foar bern fan 10 oant 15 jier. Yn fiif dagen tiid wurde der tolve races hâlden. De organisaasje fan de wedstriid is yn hannen fan de sylferiening fan Warkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)