Ek ôfskied PC Simon Minnesma

30 jul 2008 - 15:20
  • It wie Simon Minnesma (35) syn 17e PC

Nei Klaas Berkepas en Sibbele Lootsma hat ek Simon Minnesma ôfskied nommen fan de PC. Op de twadde list ferlear hy mei Hylke Bruinsma en Marten Feenstra mei 5-3 en 6-2 fan Jochum Bouma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk. It wie Simon Minnesma (35) syn 17e PC. Hy waard twa kear twad, twa kear tred en yn 1995 kening.

Johan van der Meulen, Herman Sprik en Taeke Triemstra hiene op de twadde list net folle muoite mei it partoer fan Johan Abma: 5-1 en 6-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)